Gianni Romme

Gianni Romme
Reedrider
Gianni Romme (2003)
Gianni Romme (2003)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gianni Petrus Cornelis Romme
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 12 febrewaris 1973
berteplak Lage Zwaluwe
lingte 1.90 m
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan
O.S. Nagano 1998,
Salt Lake City 2002
debút 1992
karriêre-ein 2006
wichtige prestaasjes
2x goud Olympyske Spullen 1998
1x sulver Olympyske Spullen 2002
2x goud WK allround 2000, 2003

Gianni Petrus Cornelis Romme (Lage Zwaluwe, 12 febrewaris 1973) is in earder Nederlânsk reedrider.

Romme die trije kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, fjouwer kear oan it Europeesk kampioenskip, twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1998 en 2002). Hy waard by dizze kampioenskippen twa kear wrâldkampioen, ien kear Europeesk kampioen en twa kear Olympyske kampioen. Hy waard ek trije kear Nederlânsk allround kampioen. Gianni die acht kear mei oan it wrâldkampioenskip ofstannen, dêr behelle hy om't er tige spesjalisearre wie yn de 5 en de 10 km. syn measte suksessen. Yn 2006 stopte Romme mei reedriden op heech nivo. Nei syn kariêre as langebaanrider waard Gianni Romme trainer, Earst fan de Dútske reedrydster Anni Friesinger, en letter in pear jier bûnscoach fan Itaalje. Fan 2016 oant en mei 2022 wie Romme manager fan iisbaan Twinte, begjin 2023 waard er manager by de iisbaan fan Breda.[1]

  1. tubantia.nl, 11-01-23, Oud-schaatskampioen Gianni Romme vertrekt bij IJsbaan Twente

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne