Gilles of Gillis | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | ±650 | |
berteplak | Atene (Byzantynske Ryk) | |
stjerplak | Septimania (Frankyske Ryk) | |
etnisiteit | ![]() | |
hillichferklearring | ||
sillich ferkl. | ûnbekend | |
hillich ferkl. | ûnbekend | |
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Eastersk-Katolike Tsjerken Eastersk-Otterdokse Tsjerken Anglikaanske Tsjerke | |
hjeldei | 1 septimber | |
hillichdom | Sint-Gillesabdij (súdlik Frankryk) Sint-Gilleskatedraal (Edinburgh) | |
attributen | pylk, kromstêf, hine | |
patroan fan | bidlers, boarstfieding, earmen, Edinburgh, ferstjitlingen, hynders, hoefsmidden, klúzners, lichaamlik beheinden, lijers fan epilepsy, kanker, lepra, nachtfrees en sljochtsinnigens, rammen, spoaremakkers, ûnfruchtberen, wâlden | |
tradysje | benediktynsk |
Gilles of Gillis (fan it Latynske Ægidius fia it Frânske Gilles; Atene (Byzantynske Ryk), ±650 – Septimania (Frankyske Ryk), ±710), ek bekend as Gilles de Klúzner, wie in kristlike hillige út it Byzantynske Ryk, dy't syn libben benammen trochbrocht yn 'e Provâns, yn wat no súdlik Frankryk is. Hy stifte in abdij yn it letter nei him ferneamde plak Saint-Gilles-du-Gard, yn it departemint Gard, dêr't syn grêftombe him nei syn dea ûntjoech ta in beafeartsplak. Gilles is ien fan 'e saneamde Fjirtjin Hillige Helpers.