Giteren (Nederlânsk en offisjeel: Giethoorn; Stellingwerfsk: Gietern) is in doarp yn de kop fan Oerisel, yn de gemeente Stienwikerlân. Oant 1973 wie it in selsstannige gemeente. Giteren leit tusken Stienwyk en Meppel.
It doarp hat 2.620 ynwenners en is bekend troch syn brechjes, wetter en punters. It wurdt wol it Feneesje fan it noarden neamd.
Troch de feanterij ûntstienen plassen en marren. Om de turf te ferfieren groef men fearten en sleatten. In soad huzen binne om samar te sizzen op eilantsjes boud, dy't allinnich troch brechjes te berikken binne. De measte fan de mear as 176 brêgen binne privee-eigendom.
De ienige trochgeande ferbining oer lân is in fyts- anneks kuierpaad dat dwers troch it doarp rint; it measte ferkear giet oer wetter. Dêrfoar wurde faak punters brûkt, foarút skood mei in punterboom, krektas de gondels yn it echte Feneesje.
Tsjerklik besjoen is Giteren in frijsinnige enklave mids in otterdoks gebiet mei doarpen as Staphorst, Genemuiden en Hasselt. De doarpstsjerke, De Vermaning , waard stifte yn 1871.