Gorefest

Gorefest
band
Gorefest yn 2007
Gorefest yn 2007
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 19891998
20042009
label(s) Foundation 2000,
Nuclear Blast
âld-leden Marc Hoogendoorn (drums) (1989-1991)
Alex van Schaik (gitaar) (1989-1991)
René Merkelbach (toetsen) (1996-1998)
leden
Sang & Bas Jan Chris de Koeijer
Gitaar Frank Harthoorn
Gitaar Boudewijn Bonebakker
Drums Ed Warby

Gorefest is in earder Nederlânske deathmetalband. Gorefest waard yn 1989 oprjochte yn de Nederlânske provinsje Seelân.

Yn 1991 brochten hja har earste album "Mindloss" út. Net lang nei it útkommen fan it debútalbum ferliet gitarist Alex van Schaik de band; hy waard ferfongen troch Boudewijn Bonebakker. Net sa gelokkich mei harren label Foundation 2000 tekene Gorefest yn 1992 in kontrakt mei Nuclear Blast. Mar foardat se mei it album begûnen stapte drummer Hoogendoorn út de band fanwegen ynsidinten wilens de Mindloss-tour syn ferfanger wie Ed Warby earder fan Elegy twa wiken letter starten de opnames fan it album, "False" dat yn 1992 útbrocht waard. Fanôf 1996 feroaren se har muzykstyl mear nei rock en popmuzyk. De dêr op folgjende albums waarden striemin ferkocht. Gorefest naam yn 1998 dan ek mar it beslút der mei op te hâlden. Yn 2004 giene se wer los mei de band en wer werom by de basis deathmetal, dizze comeback duorre fiif jier doe stopten hja definityf.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne