Gran Torino | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Clint Eastwood | |
produsint | Clint Eastwood Bill Gerber Robert Lorenz | |
senario | Nick Schenk | |
kamerarezjy | Tom Stern | |
muzyk | Kyle Eastwood Michael Stevens Jamie Cullum | |
filmstudio | Media Magik Entertainment Malpaso Productions Village Roadshow Pictures | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Clint Eastwood Bee Vang Ahney Her | |
byrollen | Christopher Carley Doua Moua Sonny Vue Brian Haley John Carroll Lynch Chee Thao | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 12 desimber 2008 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | dramafilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Hmong) | |
spyltiid | 116 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $33 miljoen | |
opbringst | $270 miljoen | |
prizen | César du Cinéma 2010 |
Gran Torino is in Amerikaanske dramafilm út 2008 ûnder rezjy fan Clint Eastwood, mei yn 'e haadrollen himsels, Bee Vang en Ahney Her. De titel ferwiist nei de Ford Gran Torino fan 'e haadpersoan. It ferhaal giet oer Walt Kowalski, in ferbittere âldman dy't in feteraan út 'e Koreaanske Oarloch is, en dy't koartby de frou ferlern hat. Mei syn ûnoanpaste hâlden en dragen hat er de measte lju fan him ferfrjemde, ûnder wa syn eigen bern. Hy wennet yn in buert yn Detroit dêr't no hast alle oare huzen bewenne wurde troch etnyske Hmong. Walt mei harren net lije, mar as in buorjonge om 'e nocht syn auto besiket te stellen, ûntwikkelet er tsjin alle ferwachting yn in bân mei de jonge. Gran Torino krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en woeks yn 'e bioskopen ek út ta in kommersjeel súkses. De film waard yn 2009 nominearre foar in Golden Globe, mar foar gjin inkele Oscar, wat ta krityk late. Yn 2010 wûn Gran Torino de César du Cinéma foar bêste bûtenlânske film.