De Grand Slam wie in 10.000 kg swiere fleantúchbom ('ierdskoddingsbom') dy't yn de Twadde Wrâldkriich troch de Royal Air Force brûkt waard foar it bombardearjen fan strategyske doelen. De bom wie feitlik in fergrutte ferzje fan de Tallboy en wie mear neffens it ûntwerp dat Barnes Wallis, betinker fan beide bommen', oarspronklik yn de holle hie.