Gremlins | ||
![]() | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
![]() | ||
makkers | ||
regisseur | Joe Dante | |
produsint | Michael Finnell | |
útfierend produsint |
Steven Spielberg | |
senario | Chris Columbus | |
kamerarezjy | John Hora | |
muzyk | Jerry Goldsmith | |
filmstudio | Warner Bros. Amblin Entertainment | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Zach Galligan Phoebe Cates | |
byrollen | Hoyt Axton Frances Lee McCain Howie Mandel Polly Holliday Dick Miller Glynn Turman | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | ![]() | |
premiêre | 8 juny 1984 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | swarte komeedzjehorrorfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 106 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $11 miljoen | |
opbringst | $212,9 miljoen | |
prizen | 5 × Saturn Award 1 × Young Artist Award | |
filmsearje | ||
filmsearje | Gremlins | |
● folgjend diel | Gremlins 2: The New Batch |
Gremlins is in Amerikaanske swarte komeedzjehorrorfilm en famyljefilm út 1984 tsjin 'e eftergrûn fan in krystsetting. De film waard regissearre troch Joe Dante en hie yn 'e haadrollen Zach Galligan en Phoebe Cates. De titel ferwiist nei gremlins, ûndogenske mytyske wêzens dy't yn 'e Angelsaksyske wrâld gauris de skuld op 'e lea skood krije as apparatuer of masinery it net of net goed mear docht. It ferhaal folget de jongeman Billy Peltzer, dy't in nuver wêzentsje as húsdier kriget. As er him net oan 'e fersoargingsfoarskriften hâldt, ûntsteane út dat iene wêzen ferskate oaren, dy't har ûntpoppe ta agressive en destruktive lytse meunsters dy't it hiele stedsje de fernieling yn helpe. Gremlins krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en woeks yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. Yn 1990 waard der in ferfolchfilm makke, Gremlins 2: The New Batch, mar dy film flopte yn 'e bioskopen. Nettsjinsteande dat is der troch de jierren hinne in mediafranchise mei deselde namme om Gremlins hinne ûntstien.