Gryksk Evangeelje fan de Egyptners | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 120 – 130 n.Kr. |
It Grykske Evangeelje fan de Egyptners wie in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It wie ien fan 'e gnostyske evangeeljes. De titel is in modernenien, dy't ôflaat is fan 'e begjinregel. It moat net betize wurde mei it Koptyske Evangeelje fan de Egyptners, dat in hiel oare tekst is.