Haarlim[1] (Nederlânsk en offisjeel: Haarlem) is in stêd en gemeente yn de regio Súd-Kinmerlân en de haadstêd fan de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. Yn 2009 wennen der likernôch 148.000 minsken yn de gemeente en is dêrmei de twadgrutste stêd fan Noard-Hollân nei Amsterdam. De stêd leit oan de rivier de Spaarne.