Halbe Zijlstra

Halbe Zijlstra

Halbe Zijlstra (Easterwâlde, 21 jannewaris 1969) is in earder Nederlânsk politikus foar de Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD). Sûnt 14 oktober 2010 is hy steatssekretaris.

As soan fan in resersjeur helle er syn vwo-diploma oan it Stellingwerf Kolleezje yn Easterwâlde. Dêrnei folge er yn Grins oan de Hânzehegeskoalle in oplieding ta kommersjeel management en sosjology oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 1994 waard er lid fan de VVD, ynspirearre troch Frits Bolkestein.

Sûnt 1996 wenne er yn Utert, dêr't er in bedriuw foar projektmanagement (Improvex) hie. Hy waard ûnder oaren ynhierd troch de Shell foar de wrâldwide ynfiering fan in saaklike creditcard. Yn Utert wie Zijlstra jierrenlang riedslid, wêrfan mear as twa jier fraksjefoarsitter. Hy wie dêr faak yn de media te sjen en te hearren. Doe't er út de ried gie, waard syn frou ek VVD-fraksjefoarsitter en wethâlder yn Utert. Hy wie fan 30 novimber 2006 oant 14 oktober 2010 lid fan de Twadde Keamer. Op 14 oktober 2010 waard Halbe Zijlstra steatssekretaris fan Underwiis yn it kabinet-Rutte. Hy rjochte him hjir benammen op it universitêre ûnderwiis en it HBU.

Zijlstra wie fan 2006 oant oktober 2010 lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Ek wie hy keamerlid yn de perioade fan 23 septimber 2012 oant 26 oktober 2017.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne