Harnzersk | ||
algemien | ||
eigen namme | Harlingers | |
lânseigen yn | ![]() | |
tal sprekkers | ±3.500 (2009, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Hollânsk-Frysk ● Stedsk ● Harnzersk | |
dialekten | gjint | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
![]() ● ![]() |
It Harnzersk (Harnzersk: Harlingers) is in dialekt fan it Stedsk dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e stêd Harns, it haadplak fan 'e gemeente mei deselde namme, oan 'e Waadkust, yn it noardwesten fan 'e provinsje Fryslân. Dizze taalfoarm ûntstie yn 'e rin fan 'e sechstjinde en santjinde iuw, en is in Hollânsk dialekt mei sterke Fryske ynfloeden. It hat in protte wei fan 'e Stedske dialekten dy't yn oare Fryske stêden sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Harnzersk, no't de measte stedsjers tsjintwurdich de bern Nederlânsktalich grutbringe.