De harp of harpe is in snaarynstrumint dat mei de fingers oantokkele wurdt. De harp is opboud út in langwerpige klankkast dêr't in grut tal snaren op spand binne, elk ferskillend fan dikte en lingte. Elke snaar produsearret mar ien toan: wat langer (en tsjokker) de snaar, wat leger de toan.
Harpen binne der al in pear tûzen jier. Yn de prehistoarje brûkten de lju harren jachtbôgen al as muzykynstruminten, mar dy hiene mar ien snaar. Troch ferskate bôgen efter elkoar te setten koene se mear toanen meitsje. Letter makken se bôgeharpen; bôgen mei mear snaren. De earste 'echte' harpen binne fan sawat 3500 f.Kr. út Egypte bekend.