Hawker Tempest | ||
---|---|---|
Earste flecht | 2 septimber 1942 | |
Tal makke | 1.702 | |
Fabrikant | Hawker Siddeley Aircraft Co. | |
Langte: | 10,26 m | |
Spanwiidte: | 12,50 m | |
Fleugeloerflak: | 28,06 m² | |
Oandriuwing: | Ien Napier Sabre IIB-motor fan 2.420 hk | |
Maks. faasje: |
| |
Bemanning: | 1 | |
Tsjinstplafond: | 11.000 m | |
Fleangewicht: | 5.220 kg | |
Fleanberik: | 2.445 km | |
Bewapening: | Fjouwer 20-mm-masinekanonnen Hispano-Suiza HS.404
Jachtbommesmiter ferzjes: 2 x 227 kg bommen of 1 454 kg bom; raketten: 8 x 75 mm RP-3 raket |
De Hawker Tempest wie in Britske jachtfleanmasine yn de Twadde Wrâldoarloch. It ûntwerp en fabrkaazje barde troch Hawker Siddeley Aircraft Co.. De leechdekker waard fan april 1944 ôf oan troch de Royal Air Force (RAF) ynset.
De Tempest wie ûntwikkele út de Hawker Typhoon en waard brûkt as jager en as jachtbommesmiter. Op lege en middelbere hichte wie er ien fan de fluchste mei propeller oandreaune jachtfleantugen fan de oarloch. Fanwege syn fluggens waarden syn benammen brûkt tsjin de Dútske strieljager Me 262 en de Vergeltungswaffe V1 (fleanende bom). Mei de Tempest waarden in lytse 700 V1's, yn alle gefallen 20 Me 262's en teminsten ien Heinkel He 162 delsketten.
De ferneamde alliearde jachtfleander Pierre Closterman behelle in grut part fan syn súksessen mei dit type.
De Tempest hat tsjinne by de loftmmachten fan it Feriene Keninkryk, Nij-Seelân, Kanada, Pakistan en Yndia.
Totaal waarden 1395 Tempest's makke: