Hege wier

Hege wier by Menaam

In hege wier of stinswier is yn Fryslân de namme foar in opsmiten ierden hichte (motte) út de Midsiuwen, dêr't in stins op stie. De op de hege wieren boude stinzen binne allegearre ferdwûn. Der binne yn Fryslân noch 5 fan de oarspronklike 108 stinswieren oer, dy lizze by de doarpen Seisbierrum, Jellum, Lies, Menaam en Aasterein. Krekt sa as de Siuwske vliedberg waarden de hege wieren faak boud as prestiizje-objekt fan grûnbesittende klasse. De toer waard net bewenne; it wenne in stik nofliker yn de hearepleats dêr't de stins by hearde. Allinnich yn tiden fan konflikten ferskânze men him yn de toer op de wier.

De Bult fan Marum

Yn Grinslân leit de saneamde Bult fan Marum. [1] Dat is - foar safier bekend - de iennige bewarre stinswier yn dy provinsje. Der binne nei alle gedachten mear. De measte stinswieren yn Grinslân binne om 1900 hinne ôfgroeven of egalisearre yn it ramt fan ruilferkavelingen. Bekende foarbylden wiene de Rondenburg yn Zuurdijk, 't Rondeel op de wier fan Westerwijtwerd en Het Noorn te Krewerd. Stinswieren wurde dêr somtiden ek knol neamd, lykas De Knol te Eenum, De Oude Knol te Godlinze en De Knolle yn Stitswert. Mooglik jildt itselde foar guon toponimen mei bult. [2]

Yn East-Fryslân is in grut tal stinswieren fan 2020 ôf yn kaart brocht yn it ramt fan it Burgenprojekt fan de Ostfriesische Landschaft en it Niedersächsische Institut für Historische Küstenforschung.

  1. Koos Vos, 'De "bult" van Marum is een stinswier', yn: 't Olde Guet, nr. 16 (2012), s. 13-18. Argivearre op 19 maart 2023.
  2. Redmer H. Alma, 'Steenhuizen in de bronnen', yn: Stad & Lande 18 (2009), s. 26-29.

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne