Christian Johann Heinrich Heine (Düsseldorf, 13 desimber 1797- Parys, 17 febrewaris 1856) wie ien fan de wichtichste 19e iuwske Dútske romantyske dichters. Hy wie fan joadsk komôf en waard berne as Harry Heine, mar waard ferneamd ûnder de namme Heinrich Heine. Hy wie teffens sjoernalist, essayist en literêr kritikus. Bûten Dútslân waard er it meast ferneamd fan syn iere lyryske poëzy, dat yn de foarm fan lieten op muzyk set waard troch komponisten sa as Robert Schumann en Franz Schubert. Heine syn lettere ferzen en proaza wurde skaaimerke troch statiryske humor en irony. Heine syn radikale politike opfettings makken dat in protte fan syn wurk troch de Dútske autoriteiten ferbean waard. Heine hâlde de lêste 25 jier fan syn libben yn Parys ta.