Henri Garcin

Henri Garcin
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anton Albers
nasjonaliteit Belgysk
Frânsk
berne 11 april 1928
berteplak Antwerpen
stoarn 13 juny 2022
stjerplak Parys
jierren aktyf 1964-2022

Henri Garcin wie it pseudonym fan Anton Albers (Antwerpen, 11 april 1928Parys, 13 juny 2022) Belgysk-Frânsk akteur fan Nederlânsk komôf.

Garcin wenne sûnt 1949 yn Parys. Hy spile yn films, telefyzjesearjes en telefyzjefilms en dêrneist yn toanielstikken. Hy hat yn ferskate films fan Yves Boisset en fan Alex van Warmerdam spile en waard yn Nederlân bekend as heit Victor yn de film Abel. Op 13 juny 2022 ferstoar Henri Garcin yn Parys yn 'e âldens fan 94 jier.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne