Hieslum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, noardeastlik fan Warkum. It leit tusken de Aldegeaster Brekken en Parregea. Oant 2011 lei Hieslum yn de eardere gemeente Wûnseradiel. Frjemd is dat de measte minsken bûten de buorren wenje, yn de buorskippen Atzebuorren en Idserdabuorren en op de omlizzende pleatsen. It terpdoarp hat likernôch 70 ynwenners (2004). Hieslum moat al ier ûntstien wêze. Yn in stik fan 855 komt it doarp al foar as in Folckerus in skinking fan 20 gras docht oan it kleaster yn it Dútske Werden. Letter hat it kleaster Werden de Fryske besittings ferkocht oan de Johanniters fan Snits. Yn in opjefte fan kleasterbesittings fan Fulda komt Hieslum ek al tige ier foar as Haslum.