Hillel Slovak | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Hillel Slovak yn 1983 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hillel Slovak | |
nasjonaliteit | Israelysk Amerikaansk | |
berne | 13 april 1962 | |
berteplak | Haifa Israel | |
stoarn | 25 juny 1988 | |
stjerplak | Los Angeles | |
etnisiteit | Joadsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock | |
ynstrumint | Gitaar | |
jierren aktyf | 1976–1988 |
Hillel Slovak (Haifa, Israel, 13 april 1962 – Los Angeles, 25 juny 1988) wie in Israelysk-Amerikaansk gitarist. Hy wie bekend as de orizjinele gitarist fan de Red Hot Chili Peppers.
Yn syn karriêre ûntwikkele Slovak in slimme heroïneferslaving. Hy besocht faaks op te hâlden, mar ferstoar oan in oerdoasis op 25 juny 1988, 26 jier âld. Ferskate Red Hot Chili Peppers-nûmers binne skreaun as earbetoan oan Hillel Slovak, wêrûnder "Otherside", "Knock Me Down", "My Lovely Man", "This Is the Place", " Dosed " en "Feasting on the Flowers".
Hillel waard postúm mei syn mei-bandleden fan de Red Hot Chili Peppers yn 2012 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.