Himelfeart fan Jesaja

Himelfeart fan Jesaja
algemiene gegevens
oarspr. titel Τὸ Αναβατικὸν Ἡσαΐου
("To Anabatikon Isaiou")
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun ein 1e iuw – 2e helte 2e iuw

De Himelfeart fan Jesaja is in religieus geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel, dat no algemien as apokryf beskôge wurdt, al makket it al sûnt minskewitten diel út fan 'e Etiopysk-otterdokse tradysje, en besteane der oanwizings dat it oarspronklik ta de kanon fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke rekkene waard. De tekst is in pseudepigraaf ûnder de namme fan 'e âldtestamintyske profeet Jesaja. Der bestiet ûnder bibelwittenskippers en teologen ûnienichheid oangeande de datearring: rûzings dêrfan rinne útinoar fan 'e ein fan 'e earste iuw oant de twadde helte fan 'e twadde iuw. Ek is men der noch net oer út oft it no in folslein kristlik geskrift is, of dat it earste diel, it Martelderskip fan Jesaja, in fan oarsprong joadske tekst is dy't letter in kristlike redigearring ûndergien hat. De earste teory hat mear oanhingers.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne