Hindrik VI, Diel 1

Hindrik VI, Diel 1
algemiene gegevens
oarspr. titel Henry VI, Part 1
auteur William Shakespeare
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 1591
1e publikaasje 1623, Londen
bondel First Folio
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Kening Hindrik VI (1)
publikaasje 1963, Drachten
útjouwer Fryske Shakespeare Stifting
oersetter Douwe Kalma

Hindrik VI, Diel 1, yn it oarspronklike Ingelsk: Henry VI, Part 1 (folút eins: The First Part of Henry VI), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare, mooglik yn gearwurking mei syn kollega-toanielskriuwer Thomas Nashe. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradisjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Sa't de titel al oanjout, is dit stik it earste diel fan 'e toanieltrilogy dy't basearre is op it tumultueuze libben en bewâld fan kening Hindrik VI fan Ingelân, dy't regearre fan 1422 oant 1461. It wurdt gauris mei Hindrik VI, Diel 2 en Diel 3 en mei Richard III gearfoege ta in tetralogy (rige fan fjouwer stikken) dy't de hiele perioade fan 'e Roaze-oarloggen beslacht, fan 1455 oant 1485. It wie it súkses fan dizze opienfolging fan toanielstikken wêrmei't Shakespeare syn namme as toanielskriuwer fêstige.

Hindrik VI, Diel 1 set útein mei de ûnferwachtse dea fan 'e noch jonge kening Hindrik V, yn 1422, en einiget mei it houlik fan dy syn soan Hindrik VI mei de Frânske ealfrouwe Margareta fan Anzjû, yn 1445 (al wurde dy rom tweintich jier yn it stik gearparse ta in folle lytsere tiidsspanne). It toanielstik giet benammentlik yn op it definitive ferlies fan 'e Ingelske besittings yn Frankryk oan 'e ein fan 'e Hûndertjierrige Oarloch en op 'e (hjir sterk ferienfâldige foarstelde) oarsaken fan 'e Roaze-oarloggen, de boargeroarloch tusken de beide tûken fan it Ingelske keningshûs. Hoewol't Hindrik VI, Diel 1 basearre is op histoaryske feiten, stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof, dat it ferhaal moat net foar wier oannommen wurde. It stik is nei gedachten yn 1591 skreaun, mar waard pas foar it earst útjûn yn 1623, as ûnderdiel fan 'e First Folio. Mei Titus Androanikus wurdt dit wurk ornaris beskôge as ien fan 'e Shakespeare syn swakste stikken. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1963.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne