Hinnaard

Hinnaard
Flagge fan Hinnaard Wapen fan Hinnaard
Flagge Wapen
Lokaasje fan Hinnaard
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2004) 60
Webstee Webstek De 4 doarpen mei Itens, Lytsewierrum en Rien

Hinnaard is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, east fan Wommels. It doarp hat likernôch 60 ynwenners (2004).

Hinnaard is ien fan de lytste doarpkes fan Fryslân, mar likegoed is it yn it ferline net ûnbelangryk west. De gritenij en letter gemeente Hinaarderadiel hat der sels har namme oan te tankjen.Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Hinnaard diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Yn 1984 kaam it by de nij foarme gemeente Littenseradiel, sûnt 2018 leit it y de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn de lette Midsiuwen waard yn Hinnaard ek de rjochtspraak fan de gritenij hâlden. Hinnaard leit mar 500 meter súdlik fan de Boalserter Trekfeart, mar it wetterbuertsje Spyk heart by it wat westliker lizzende doarp Iens. Dêr tuskenyn stie Sassingastate, op it hiem stiet no in buorkerij. Tusken Easterein, Hinnaard, Iens en Wommels leit it greidefûgelreservaat Skrok.

It is in offisjeel doarp fan ferspraat lizzende buorkerijen en in kearn fan noch gjin tsien gebouwen. Se steane om in lytse terp hinne mei dêrom hinne in grintpaad. Op de hoeke fan de Sassingawei in betreklik grutte wenning fan readbrune stien mei in sealdak tusken topgevels mei frissels, fermoedlik datearjend út lêst 18e iuw. Fierders stiet der wat jongere of fernijde bebouwing. Oan de oare kant fan de Sassingawei stiet in resint pân en alhiel yn de noardlike hoeke in fernijde wenning.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne