Hinnaarderadiel | |
---|---|
![]() It eardere gemeentehûs fan Hinnaarderadiel, Wommels. | |
flagge | wapen |
![]() Wapen fan Hinnaarderadiel | |
lokaasje | |
![]() | |
polityk | |
lân | ![]() |
provinsje | ![]() |
sifers en geografy | |
haadplak | Wommels |
grutste plak | Wommels |
ynwennertal | 4.899 (1981)[1] |
befolkingstichtens | 83,4 / km² |
oerflak | 58,75 km²[2] |
tal doarpen | 14 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | ![]() |
opheft | 1984 |
opgien yn | ![]() |
no part fan | ![]() |
oar | |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
Hinnaarderadiel (Nederlânsk en offisjeel: Hennaarderadeel) is in eardere gemeente yn it noardwestlike part fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 in befolking fan 4.899 minsken,[1] en besloech in oerflak fan 58,75 km².[2] It gemeentehûs fan Hinnaarderadiel stie yn Wommels, dat ek fierwei it grutste plak wie.[1] Hinnaarderadiel wie in plattelânsgemeente dy't oarspronklik oan 'e Middelsee lei.[1] Yn 'e tweintichste iuw rekke in grut part fan 'e gemeente troch gebrek oan wurkgelegenheid sterk ûntfolke.[1] Yn 1984 waard Hinnaarderadiel opheft en mei de buorgemeente Baarderadiel gearfoege ta de nije gemeente Littenseradiel.[3]