Hoarn (Skylge)

Lizzing fan Skylge
Janstsjerke

Hoarn (Aastersk: Hoane, Midslânsk: Hôane) is in doarp op Skylge. It leit eastlik fan Lies en westlik fan Aasterein. Op 1 jannewaris 2005 hie Hoarn 463 ynwenners (Boarne: Gemeentegids Skylge, 2005 - 2006).

Hoarn is in langhalich doarp mei in fan oarsprong fersprate bebouwing fan pleatsen en huzen. Troch de bou fan inkelde nijbouwykjes is Hoarn sûnt de midden fan de santiger jierren grutter wurden.

Hoarn is fan oarsprong in boeredoarp dêr't feehâlderij de foarnaamste ynkomsteboarne wie. Tsjintwurdich wurdt mear jild fertsjinne oan it toerisme en binne der noch mar inkelde aktive feehâlders oer. Hoarn hat fjouwer restaurants, twa kroegen, inkelde winkels en in sportfjildekompleks.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne