In hobo is in reidblaasynstrumint dat by de houtblaasynstruminten heart en dat bespile wurdt as solo-ynstrumint yn hobokonserten, mar ek as ûnderdiel fan in symfony- en harmony-orkesten en fan blazersensembles.
De hobo en althobo wurde ta de houtblazers rekkene. De hobo wurdt mei dûbelreid oanblaasd. It dûbelreid wurdt foarme troch twa licht bûgde reidblêden dy't mei jern om in metalen staafke byinoar holden wurde. It wurdt daliks tusken de lippen nommen en troch it oanblazen begjinne beide reidblêden te triljen en sa ûntstiet in lûdsweach. Ek al makket de hobo gebrûk fan dûbelreid, dochs is it ynstrumint histoarysk sjoen gjin famylje fan de fagot, mar wol fan de skalmei en fan de pommer.
De hobo bestiet út in koanysk boarr buis mei in licht trachterfoarmich útein. De buis by del binne ferskaten gatten en fersilvere kleppen te finen. De earste hobo hie dy kleppen noch net; earst yn de 19e iuw krige de hobo it oansjen sa't er dat no (2007) hat. Foarhinne wie de basis fan de hobo fan hout, mar hjoed de dei wurdt ek keunststof brûkt.
De wize fan oanblazen is fan ynfloed op de klank en lûdsterkte. Foar it meitsjen fan in kwalitatyf goede toan is in goede embouchure needsaaklk. De Klank fan de hobo is nasaal en hiel fier dragend. Troch syn relatyf stabile en ynkringende toan wurdt de hobo brûkt om de toan te blazen (meast in A) dêr't oare ynstruminten yn in symfoany- of harmony-orkest op ôfstimme kinne.