Hollywood | ||
Hollywood sjoen by it Hollywood Sign wei. | ||
Lokaasje fan Hollywood yn 'e stêdekloft fan Los Angeles. | ||
polityk | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Kalifornje | |
county | Los Angeles Cty | |
stêd | Los Angeles | |
sifers | ||
ynwennertal | 85.489 (2008) | |
oerflak | 5,7 km² | |
befolkingstichtens | 14.998,1 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC-8 | |
● simmertiid | UTC-7 | |
koördinaten | 34°06′N 118°20′W |
Hollywood is in distrikt fan 'e stêd Los Angeles, yn Los Angeles County, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It wie oarspronklik in selsstannige stêd, mar waard yn 1910 aneksearre troch Los Angeles. It is frijwol synonym wurden mei de Amerikaanske filmyndustry. Neffens in offisjele skatting út 2008 hie Hollywood doe goed 85.000 ynwenners. Op in oerflak fan 5,7 km² smyt dat in befolkingstichtheid op fan krapoan 15.000 minsken de km². Dêrmei heart Hollywood ta de top tsien fan 'e tichtstbefolke stedswiken fan 'e Feriene Steaten.