Homonym

Wurden binne homonimen as se itselde útsprutsen en skreaun wurde, mar in ferskillende betsjutting hawwe.

In foarbyld fan in homonym wurdpear is hurd: ‘Dy auto rydt te hurd’ en ‘de iepen hurd baarnt mar bêst.’ By dit pear is der ferskil yn wurdsoarte, en dan falt al gau op dat it om twa ferskillende wurden giet.

In oar foarbyld is wyn. ‘In lekker wyntsje’ kin gean om wyn as drank, mar kin ek de beweging, streaming fan loft betsjutte. [1] By ‘wyn’ is suver alles itselde: de skriuwwize, de útspraak, de wurdsoarte, it meartal en it ferlytsingswurd. Yn sa'n gefal moat der wat mear omtekst by om it te begripen: ‘sile mei in lekker wyntsje yn it seil en in lekker wyntsje yn it glês.’

Homonimen wurde gauris brûkt yn kryptyske omskriuwings. [2]

Foarbylden fan homonimen:

  • bank – sitmeubel - finansjele ynstelling.
  • kop – holle fan in bist - drinkbeker.
  • lêst – fracht - net earst - hinder
  • stik – diel - artikel - toanielopfiering.
  • feart – gong - sleat
  • ljocht – net tsjuster - net swier[3]
  1. In lekker wyntsje, It Nijs, 18 july 2013
  2. In lekker wyntsje, Taalbaas.nl, july 2013
  3. Lucht, licht, loft, ljocht, Jan Breimer, 23 july 2024

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne