Hugo Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | Science Fiction Achievement Award | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | science fiction- en fantasyliteratuer | |
útrikt troch | World Science Fiction Society | |
frekwinsje | 1x jiers | |
plak | [ferskilt per jier] | |
ynsteld | 1953 | |
1e útrikking | 1953 | |
offisjele webside | ||
www.thehugoawards.org |
De Hugo Awards binne in groep prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde foar de bêste science fiction- en fantasywurken fan it foargeande jier. De prizen binne neamd nei Hugo Gernsback, de oprjochter fan Amazing Stories, ien fan 'e earste science fiction-tydskriften, en hieten oant 1992 offisjeel de Science Fiction Achievement Awards. De útrikking, dy't ûnder it tafersjoch stiet fan 'e Amerikaanske World Science Fiction Society, fynt plak op 'e jierlikse World Science Fiction Convention, dêr't it it wichtichste evenemint foarmet. De Hugo Awards waarden foar it earst útrikt op 'e alfde World Science Fiction Convention, yn 1953, en de útrikking is sûnt 1955 elts jier noch dien.
Sûnt de njoggentiger jierren wurde soms ek saneamde Retrospective Hugo s (koartwei Retro Hugo's) útrikt. Dat is dien yn 1996, 2001 en 2004 foar wurken dy't 50 jier earder útjûn wiene, en yn 2014 foar wurken dy't 75 jier earder útjûn wiene.