Hurdfytsen is ien fan de sporten dy't op it program fan de Paralympyske Simmerspullen steane. De sport bestiet út twa dissipines baanhurdfytsen en dykhurdfytsen. De sport is tagonklik foar hurdfytsers mei in fisuele beheining, fytsers mei in harsensferlamming, amputaasje en fytsers mei in lichaamlike beheinings, bygelyks troch in dwerslesy of iepen rêch. Der wurdt gebrûk makke fan in racefyts -(twatsjiller), -trijetsjiller, tandem as in fêstframehânfyts.