Ierdbeving

Yamba bridge, Chuetsu, nei ierdbeving yn 2004
Ferdieling fan ierdbevings (boarne: USGS)

In ierdbeving, ierdskodding of grûnskodding is in trilling of skokkende beweging fan de ierdkoarste. Ierdbevings fine plak as der yn de ierdkoarste ynienen in soad enerzjy frijkomt. De enerzjy plantet him dan yn in weachbeweging fanút it sintrum fuort nei de omjouwing. It sabeare punt wêr't de beving ûntstiet, it swiertepunt fan de enerzjytichtens, hiet it hyposintrum. It punt oan it ierdoerflak dêr leadrjocht boppe wurdt it episintrum neamd. In line fan likense bevingsyntensiteit om in episintrum hjit in isoseist. Seismology is de wittenskip fan ierdbevings.

It meastpart fan de ierdbevings komt foar yn de ierdkoarste oant in djipte fan ûngefear 30 kilometer. Der komme lykwols ek bevings foar op djipten oant om-ende-by 700 kilometer. De measte ierdbevings komme foar rûnom de Grutte Oseaan, yn it Middellânske Seegebiet, yn de Himalaya en Yndoneezje. Ek midden yn oseanen komme geregeld bevings foar. Ierdbevings dy't ûnder de seespegel ûntstean wurde, minder korrekt, ek wol seebevings neamd. Dy kinne in floedweach of tsûnamy as gefolch krije.

Swiere ierdbevings mei of sûnder tsûnamys feroarsaken faken in protte slachtoffers en grutte skea.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne