De iishilligen binne de dagen dy't falle fan 11 oant en mei 15 maaie. It binne de feestdagen fan roomske hilligen, dy't sels ek iishilligen neamd wurde. Yn 'e folkswaarkunde spylje de iishilligen al sûnt de midsiuwen in grutte rol. Se foarmje de lêste dagen fan 'e maaitiid dat der nachtfroast ferwachte wurde kin, al kin it waar ek neitiid somtiden noch skrousk wêze. Dêrby moat sein wurde dat de tradysje ûntstien is doe't de juliaanske kalinder noch yn gebrûk wie en dat betsjut dat de dagen winliken trettjin dagen letter falle. Ofhinklik fan 'e geografyske lizzing wurdt 11 maaie of 12 maaie as de earste dei fan 'e iishilligen beskôge.