In iisplaneet is in type planeet mei in oerflak dat hielendal of foar it oergrutte part út iis bestiet. Sokke planeten hawwe in mondiale kryosfear (it gebiet dêr't de ûndergrûn út iis bestiet). Under de iislaach giet ornaris in ierdske of terrestryske planeet beskûl. It iis kin opmakke wêze út wetter, mar ek út bgl. ammoniak of metaan. Under beskate definysjes fan it begryp 'iisplaneet' kinne ek guon moannen en dwerchplaneten yn it Sinnestelsel beflapt wurde. Iisreuzen binne in hiel oar slach planeten en wurde net ta de iisplaneten rekkene.