Ille-et-Vilaine

Ille-et-Vilaine
flagge wapen
polityk
soarte gebiet departemint
lân Frankryk
regio Bretanje (regio)
haadplak Rennes
grutste plak Rennes
departemintsnûmer 35
sifers
ynwennertal 1.051.779 (2016)
oerflak 6.775 km²
befolkingstichtens 155,2 / km²
oar
stifting 1790
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 48°10′ N 01°40′ W
webside www.ille-et-vilaine.fr

Ille-et-Vilaine (Frânske útspr.: [ileviˈlɛːn], likernôch: "yl-ee-vi-lên"; Bretonsk: Il-ha-Gwilen) is in departemint fan Frankryk dat yn it westen fan it lân leit, oan it begjin fan it skiereilân Bretanje. De namme betsjut letterlik: "Ille en Vilaine", en is ûntlient oan 'e beide wichtichste rivieren fan it gebiet, de Ille en de Vilaine. Ille-et-Vilaine makket diel út fan 'e bestjoerlike regio Bretanje en hat it departemintsnûmer 35. De haadstêd is Rennes, dat mei-iens ek de grutste stêd is. Ille-et-Vilaine hie yn 2016 in befolking fan krapoan 1,1 miljoen minsken.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne