Imaginaerum | ||
![]() | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Nightwish | |
taal | Ingelsk, Finsk | |
sjenre | Metal | |
útbrocht | 30 novimber 2011 | |
opnommen | Pajarin Hauta, Legendary Bay of Tube, Marco's CockPit, Petrax,Finnvox Angel studios oktober 2010 – april 2011 | |
doer | 74:26 | |
label | Nuclear Blast | |
produsint | Tuomas Holopainen | |
resultaten | ||
albumlisten | ![]() ![]() | |
sertifisearre | ![]() ![]() ![]() ![]() |
Imaginaerum is it sânde studio-album fan Nightwish. It album waard opnommen tusken oktober 2010 en april 2011 yn studios yn Finlân en Ingelân wêrúnder de thússtudio fan bassist en sjonger Marko Hietala, en waard yn 'e hjerst fan 2011 op 30 novimber útbrocht. It is it twadde en lêste album fan Nightwish mei sjongeres Anette Olzon en it lêste album mei drummer Jukka Nevalainen, mar ek it earste album dêr't de lettere drummer Kai Hahto, mar op dit album as perkusjonist, op te hearren is.