Innsbruck

Innsbruck
Lizzing fan Innsbruck yn Eastenryk
Lizzing fan Innsbruck yn Eastenryk
Bestjoer
Lân Eastenryk
Dielsteat Tirol
Distrikt Innsbruck I
Sifers
Ynwennertal 130.894 (01-01-2016)
Oerflak 104.91 km²
Befolkingsticht. 1115,4 ynw/km²
Oar
Koördinaten
Wapen fan Innsbruck
It gouden dak yn de binnenstêd
De Hofburg

Innsbruck is in 800 jier âlde stêd yn it súdwesten fan Eastenryk en is de haadstêd fan de dielsteat Tiroal. It leit oan de rivier de Inn en is in populêre wintersportbestimming. It is ek tige populêr foar de simmerfakânsjes. Innsbruck hat de status fan in statutêre stêd en hie op 1 jannewaris 2016 130.894 ynwenners.

De brêge oer de Inn dêr't de stêd nei neamd is, makke fan Innsbruck yn de 12e iuw in wichtige halte yn de hannelsrûtes út Itaalje en Switserlân wei nei Dútslân. It hat in protte midsiuwske gebouwen, wêrûnder de Fransiskaanske Hofkirche en de Fürstenburg, in 15e-iuwsk kastiel mei it ferneamde balkon mei it gouden dak. Innsbruck is fierders ek in universiteitsstêd mei 40.000 studinten. In protte fan dy studinten komme út it bûtenlân, fral út Súd-Tirol en Dútslân. Sûnt 2004 binne der twa universiteiten yn de stêd, de Leopold-Franzens-Universität en de Medizinische Universität Innsbruck. Foar 2004 hearde dy lêste noch by de Leopold-Franzens-Universität.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne