Isabella MacDuff | ||
![]() | ||
![]() | ||
Isabella MacDuff kroanet Robert the Bruce yn Scone yn 1306; modern tablo yn Kastiel Edinburch | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 12?? | |
berteplak | Fife (Skotlân) | |
stjerdatum | ±1313 | |
stjerplak | Berwick-upon-Tweed (Skotlân) | |
dynasty | Hûs MacDuff | |
etnisiteit | ![]() ![]() ![]() | |
grevinne-gemalinne fan Buchan | ||
amtsperioade | 1??? – ±1313 |
Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan (Ingelsk: Isabella MacDuff; yn Fife, 12?? – Berwick-upon-Tweed (Skotlân), ±1313) wie in Midsiuwsk Skotsk ealfrouwe, dy't in wichtige rol spile yn 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch. Hja wie in fjurrich oanhingster fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce, en moast dat bekeapje mei in kriichsfinzenskip yn Ingelân wêrby't se útsûnderlike min behannele waard. Hja moat net betize wurde mei har muoikesizzer Isabella MacDuff, grevinne fan Fife.