Isis is de namme fan ien fan de wichtichste goadinnen fan de Egyptyske mytology, dêr't de ferearing fan him oer de Gryksk-Romeinske wrâld fersparate. Hja wie in typyske memmegoadinne en symboalisearre de fruchtberens. Har foarnaamste hillichdom wie op it eilantsje Philae dêr't in timpel stie. Sy wie frou fan Osiris.