It Gealtsje | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Nattergalen | |
auteur | Hans Christian Andersen | |
taal | Deensk | |
foarm | koart ferhaal | |
sjenre | mearke | |
1e publikaasje | 1843, Kopenhagen | |
oarspr. útjwr. | C.A. Reitzels Forlag | |
bondel | Nye Eventyr | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Gealtsje | |
publikaasje | 1943, Assen | |
útjouwer | Van Gorcum & Co. | |
oersetter | Douwe Tamminga |
It Gealtsje, yn it oarspronklike Deensk: Nattergalen, is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn 1843, as ûnderdiel fan 'e samling Nye Eventyr ("Nije Mearkes"), yn 'e mande mei trije oare mearkes (De Ingel, De Frijers en It Unsjogge Pykje).