It Bilt | |
---|---|
![]() Utsjoch oer It Bilt yn 'e rjochting fan Nijebiltsyl. | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() Wapen fan It Bilt |
lokaasje | |
![]() | |
polityk | |
lân | ![]() |
provinsje | ![]() |
sifers en geografy | |
haadplak | Sint-Anne |
grutste plak | Sint-Anne |
ynwennertal | 10.502 (2017) |
befolkingstichtens | 113,7 / km² |
oerflak | 116,48 km² |
● wêrfan lân | 92,37 km² |
● wêrfan wetter | 24,11 km² |
tal doarpen | 7 |
ferkearsieren | N393 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
oant 1851 | ![]() |
1984 | útwreide mei Minnertsgea |
opheft | 2018 |
opgien yn | |
no part fan | |
oar | |
netnûmer | 0518 |
postkoade | 9047–9079 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.hetbildt.nl |
It Bilt (Nederlânsk en offisjeel: Het Bildt; Biltsk: ’t Bildt) is in polder en eardere gemeente yn it noarden fan Fryslân, oan 'e kust fan 'e Waadsee. Dat gebiet foarme oarspronklik de mûning fan 'e âlde Middelsee, dy't fan 1505 ôf ynpoldere waard troch lânferhuzers út Súd-Hollân wei. Sadwaande koe him op It Bilt in folslein eigen folk, kultuer en taal ûntjaan, wêrby't de Hollânske oarsprong kombinearre waard mei Fryske ynfloeden en eigen fernijings. Yn 1984 waard de Gemeente It Bilt útwreide mei Minnertsgea, in Frysktalich doarp op it âlde lân, dat net ta it histoaryske Bilt hearde. De gemeente hie op 30 april 2017 in befolking fan 10.502 minsken, en besloech in oerflak fan 116,48 km², wêrfan 24,1 km² oerflaktewetter. Op 1 jannewaris 2018 hold It Bilt as bestjoerlike ienheid op te bestean en gie it op yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke.