It Goai (Nederlânsk: Het Gooi), soms ek Goailân of de Goaistreek neamd, is in lânstreek dy't it útstykjende, súdeastlike diel fan 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân omfiemet. Histoarysk waard dit gebiet wol Naerdicklant ("Lân fan Naarden") neamd, nei it iennichste plak mei stedsrjochten yn 'e hiele krite. Behalven it stedsje Naarden lizze yn it Goai ek de doarpen (of nije stêden) Blaricum, Bussum, Gravelân, Hilversum, Huzen en Laren. Westlik fan it Goai leit de Fechtstreek, mei plakken as Muiden, Weesp, Ankeveen, Nederhorst den Berg en Loasdert (wêrfan't dat lêste plak foàr de bestjoerlike weryndieling fan 2002 ta de provinsje Utert hearde). Dat gebiet is histoarysk sjoen eins in aparte krite, mar tsjintwurdich wurdt it almeast as in ûnderdiel fan it Goai beskôge, wat der de reden foar is dat men ek wol sprekt fan "de Goai- en Fechtstreek".