It Nije Hiem | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Noatun | |
auteur | William Heinesen | |
taal | Deensk | |
foarm | roman | |
sjenre | kollektive roman | |
1e publikaasje | 1938, Tórshavn | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | It Nije Hiem | |
publikaasje | 1972, Ljouwert | |
útjouwer | De Terp | |
oersetter | Gerryt Dykstra |
It Nije Hiem, yn it oarspronklike Deensk: Noatun (al is it eins in Fêreusk wurd dat stavere heart te wurden as Nóatún), is in roman fan 'e hân fan 'e Fêreuske skriuwer, dichter, oersetter, keunstskilder, keunstkritikus en komponist William Heinesen (1900-1991). It is in kollektive roman dy't ta de streaming fan it sosjaal reälisme heart, en dy't ferhellet oer in groep earme boeren en fiskers dy't besykje op in ôfhandich plak in nij bestean op te bouwen. Noatun waard foar it earst publisearre yn 1938, en wie ien fan Heinesen syn grutste literêre súksessen. It is oerset yn ferskate talen, wêrûnder it Fêreusk. De Fryske fertaling, fan Gerryt Dykstra, ferskynde yn 1972.