J.M. Barrie

J.M. Barrie
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme James Matthew Barrie
nasjonaliteit Britsk
berne 9 maaie 1860
berteplak Kirriemuir (Skotlân)
stoarn 19 juny 1937
stjerplak Londen (Ingelân)
etnisiteit Skotsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre berneboeken, toanielstikken,
romans
perioade Fiktoriaansk, Edwardiaansk
bekendste
  wurk(en)
The Little White Bird
Peter Pan
The Admirable Crichton
útjouwer Hodder & Stoughton
jierren aktyf 18871937
offisjele webside
n.f.t.

Sir J.M. Barrie, 1e baronet (folút: James Matthew Barrie; Kirriemuir, 9 maaie 1860Londen, 19 juny 1937) wie in Skotsk berneboeke-, roman- en toanielskriuwer dy't it bekendst waard as de geastlike heit fan it wrâldferneamde personaazje Peter Pan. Hy waard berne en oplaat yn Skotlân, mar ferfear letter nei Ingelân, dêr't er yn Londen in stikmannich súksesfolle romans en toanielstikken skreau. Hy mette dêr ek it gesin Llewelyn Davies, wêrfan't de soannen him ynspirearren ta it skriuwen oer de magyske aventoeren fan in jonkje yn Kensington Gardens yn The Little White Bird. As ferfolch dêrop ûntstie yn 1904 Peter Pan, or The Boy Who Wouldn't Grow Up, in toanielstik oer in nea âlder wurdende jonge en in gewoan famke dat Wendy hjit, dy't aventoeren belibje op it magyske eilân Neverland.

Dat stik wie sa populêr dat Barrie it yn 1911 omwurke ta de roman Peter and Wendy. Hoewol't er ek neitiid noch súksesfol wie as skriuwer, smiet Peter Pan in skaad oer al syn lettere wurk. It soe ek de famkesnamme Wendy popularisearre hawwe. Yn 1913 waard Barrie troch kening George V as baronet yn 'e adelstân ferheft. Hy wie troud mar hie gjin bern, hoewol't er de Llewelyn Davies-jonges nei it ferstjerren fan harren âldelju min ofte mear adoptearre. Foar syn dea joech er it auteursrjocht op alle Peter Pan-wurken wei oan it Bernesikehûs fan Great Ormond Street, dat der noch altyd fan profitearret.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne