Jackson | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
Steat | ![]() | |
County | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 175.437 (2012) | |
Oerflak | 276,7 km² (ynkl. wetter) 271,7 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 645,7 / km² | |
Stêdekloft | 576.800 (2012) | |
Hichte | 85 m | |
Oar | ||
Stifting | 1821 | |
Tiidsône | UTC -6 | |
Simmertiid | UTC -5 | |
Koördinaten | 32°17′56″N 90°11′05″W | |
Offisjele webside | ||
www.jacksonms.gov | ||
Kaart | ||
![]() | ||
De lizzing fan Jackson yn Hinds County en yn 'e steat Mississippy. |
Jackson is sawol de haadstêd as de grutste stêd fan 'e súdlike Amerikaanske steat Mississippy. Teffens is it mei Raymond ien fan 'e beide haadplakken fan it omlizzende Hinds County, al stekke guon bûtenwiken út oer de grinzen fan Madison County en Rankin County hinne. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Jackson doe goed 175.000 ynwenners, wat hast tsientûzen minder is as yn 2000, mar rom twatûzen mear as yn 2010. It is de iennichste stêd fan boppe as 100.000 ynwenners yn 'e steat Mississippy. Mei alle foarstêden en it heal ferstedske omlizzende plattelân derby komt Jackson as stêdekloft út op in befolking fan krapoan 577.000 minsken.