![]() |
Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Jakobus Elisa Johannes Kapitein (1717 - 1747) wie de earst swarte predikant fan de wrâld en wierskynlik ek de earste swarte Afrikaan dy't promovearre. Hoewol't er sels slaaf west hie ferdigene er yn in akademyske ferhanneling dat kristenen as slaaf holden wurde mochten.
Kapitein, waans Afrikaanske namme net bekend is, waard yn 1725, doe't er acht jier wie, fan syn âlden yn Gana rôve en as slaaf ferkocht oan de Siuwske kaptein Arnold Steenhart. Dy joech him noch itselde jier kado oan Jakobus fan Goch, keapman fan de Westyndyske Kompanjy (WIC).