Jan Akkerman (Amsterdam, 24 desimber 1946) is in Nederlânsk, ynternasjonaal ferneamd, gitarist. Hy hat op it konservatoarium sitten en spilet sawol elektryske as akoestyske gitaar en lúte. Doe't er in jier as sechstjin wie, spile er by de band Johnny and the Cellar Rockers en letter by The Hunters, dy’t in hit hienen meiThe Russian Spy and I. Op dy plaat foel Jan Akkerman al op om syn firtuoaze gitaarsolo.
Dêrnei spile er by de band Brainbox, mei Kaz Lux (sang), André Reijnen (bas) en drummer Pierre van der Linden. Dy band hie ûnder oaren hits mei Down Man, Dark Rose en Woman's Gone.
Yn 1970 stapte er oer nei de groep Focus, mei Thijs van Leer (jodeler/sjonger, oargel- en fluitspiler), bassist Bert Ruiter en op ‘e nij mei drummer Pierre van der Linden. Mei dy band kaam er ta wrâldfaam mei Hocus Pocus en House of the King. Hy waard yn 1973 troch it muzykfakblêd Melody Maker útroppen ta 'bêste elektrysk gitarist fan de wrâld'.
Yn 1976 stapte Jan Akkerman út Focus en gong alinne fierder, mei ferskate muzikanten en muzykstilen. Hy makke in soad albums. Akkerman wenne in skoft oan de Terhernsterdyk by Akkrum.