Jan Duiker (De Haach, 1 maart 1890 - Amsterdam, 23 febrewaris 1935) wie in Nederlânsk arsjitekt mei in frijwat koarte beropskarriêre. Fan likernôch 1920 oant 1935, it jier fan syn betide ferstjerren, heart it wurk fan Duiker, neffens in soad minsken, ta it bêste fan de Nederlânske arsjitektuer. Aldo van Eyck set him by de meast fernimstige arsjitekten dy't der west binne. Duiker wie in wichtich fertsjintwurdiger fan de Nije Saaklikens of it Nije Bouwen fan de jierren '20 - '40.