Jan Jacob Antonie Goeverneur, (Hoevelaken, 14 febrewaris 1809 - Grins, 18 maart 1889), wie in Nederlânske letterkundige, dichter, (berneboeken)skriuwer en oersetter. Hy wurdt yn de Grinzer Folksalmanak fan 1890 Jan Jacob Anthony neamd.
Heit Goeverneur wie dûmny yn Beetstersweach en waard yn 1816 beroppen yn Grins, dêr't de jonge Jan Antonie yn 1825 teology studearjen gie. Hy feroare al rillgeau fan stúdzje om't de letteren him mear lutsen.