Jan de Beijer | ||
![]() | ||
![]() | ||
Portret fan Jan de Beijer troch Cornelis Pronk, 1750 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 24 septimber 1703 | |
stoarn | 15 febrewaris 1780 | |
stjerplak | Emmerik, Kleef, Doesburch (?) | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Tekener fan yllustraasjes en printen | |
medium | Tekening, akwarel | |
offisjele webside | ||
RKD-profyl |
Jan de Beijer (Aarau (Switserlân), 24 septimber 1703 - Emmerik (?), 15 febrewaris 1780) wie in Nederlânsk tekener fan steds- en doarpsgesichten út de 18e iuw yn de hjoeddeistige lannen Nederlân, België en Dútslân. Yn totaal makke er sa'n 1500 tekeningen, dêr't der mear as 600 fan troch oare keunstners as gravueres makke waarden. [1]
Tekeningen fan Jan de Beijer en gravueres basearre op syn wurk binne te finen yn tal fan musea, argiven en priveekolleksjes. It Joadsk Histoarysk Museum yn Amsterdam hat in tekening út 1765 fan de Grutte Synagoge en de Nije Synagoge, twa fan de synagogen dy't mei-inoar it kompleks foarmje dêr 't no it museum yn fêstige is. It Amsterdam Museum hat ek in tekening fan de yntusken ferdwûne Haringpakkerstoren.