Jar Jar Binks

Jar Jar Binks
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje Gungaansk
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt politikus, diplomaat
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Padmé Amidala
Qui-Gon Jinn
Obi-Wan Kenobi
baas Nass
kaptein Tarpals
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Jar Jar Binks (útspr.: [ˈʤaːɹʤaːɹ bɪŋks], likernôch: "dzjaar-dzjaar binks") is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) as in Gungaanske ferstjitling dy't de foarming fan in militêr bûnsgenoatskip fasilititearret tusken syn folk en keninginne Padmé Amidala fan Naboo. Jar Jar waard yn alle trije films fan 'e Star Wars-prequeltrilogy spile troch akteur Ahmed Best. It personaazje waard troch in grut part fan it publyk ûnthelle mei in oerweldigjende yrrasjonele hate, en waard troch guon kritisy sels weiset as in rasistysk stereotype.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne