Jaroslavl (oblast)

Jaroslavl oblast

Яросла́вская о́бласть

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Sintraal Federaal Distrikt
ekonomyske regio Sintrale Ekonomyske Regio
haadplak Jaroslavl
grutste plak Jaroslavl
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (95,2 %)
Ukraïeners (0,96 %)
Tataren (0,45 %)
(Stân 2002)
sifers
ynwennertal 1.227.383 (2022)
oerflak 36.177 km²
befolkingstichtens 33,93 ynw. / km²
oar
stifting 11 maart 1936
tiidsône UTC +3
koördinaten 57° 39' N 39° 15' E
webside www.adm.yar.ru

De oblast Jaroslavl (Russysk: Ярославская область; Jaroslovskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn Ruslân. Haadstêd is Jaroslavl.

De oblast is part fan it Sintraal Federaal Distrikt en grinzget oan de oblasten Vladimir, Vologda, Ivanovo, Kostroma, Moskou en Tver.

De ôfstân fan Moskou oer it spoar is 282 km, mei de auto 265 km en is himelsbreed 250 km.

De oblast leit yn it noarden fan de Easteuropeeske Leechflakte. Eartiids bestie it hiele gebiet fan de oblast út ticht nullewâld en mingd bosk, mar tsjintwurdich bestiet it gebiet út boulân en bosk mei bjirkebeammen en popelieren. Grutte stikken binne ek somplân. De oblast wurdt troch de Wolga midstwa dield.

Foar de Twadde Wrâldkriich wie de oblast ien fan de meast yndustrialisearre oblasten fan Sintraal-Ruslân. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de oblast bombardearre; de slimste bombardeminten wiene yn de nachten fan 10 en 21 juny 1943.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne