Jasser Arafat ياسر عرفات | ||
![]() | ||
![]() | ||
Arafat by de Nobel-fredepriisútrikking yn Oslo yn 1994 | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 24 augustus 1929 | |
berteplak | Kairo, Egypte | |
stjerdatum | 11 novimber 2004 | |
stjerplak | Clamart, Frankryk | |
etnisiteit | ![]() | |
partij | Fatah | |
prizen | Nobelpriis foar de Frede | |
Presidint fan de Palestynske Autoriteit | ||
regear | premier Machmûd Abbbas | |
amtsperioade | 5 july 1994 - 11 novimber 2004 | |
foargonger | gjint | |
opfolger | Rawhi Fattûh (ynterim) | |
Foarsitter fan de Palestynske Befrijingsorganisaasje | ||
amtsperioade | 4 febrewaris 1969 - 29 oktober 2004 | |
foargonger | Yahya Hammuda | |
opfolger | Machmûd Abbas |
Jasser Arafat (Arabysk: ياسر عرفات Yāsir `Arafāt) (Kaïro, 24 augustus 1929 – Clamart (Frankryk), 11 novimber 2004), folle namme Mohammed Abdel Rahman Abdel Raouf Arafat al-Qudwa al-Husseini (Arabysk: محمد ياسر عبد الرحمن عبد الرؤوف عرفات القدوة الحسيني, Muḥammad Yāsir ʿAbd al-Raḥmān ʻAbd al-Raʼūf ʿArafāt al-Qudwa al-Ḥusaynī) wie in Palestynsk strider en politikus, en tegearre mei Yitzchak Rabin en Shimon Peres yn 1994 winner fan de Nobelpriis foar de Frede. Hy wie oant-en-mei syn dea presidint fan de Palestynske Autoriteit en foaroanman fan sawol it Front foar de Befrijing fan Palestina (PLO) as de foarnaamste fraksje Al Fatah. Ideologysk wie er in Arabyske nasjonalist en sosjalist. Troch oanslaggen dêr't boargers as slachtoffers by deade waarden (û.o. by de Olympyske Spullen yn München fan 1972), wurdt er as in terrorist beskôge.